Wy meitsje bewuste keuzes foar de natoer, sosjale gearhing, sûnens en ferbining. Wy kieze foar belied dat rjochte is op de lange termyn, sadat Ooststellingwerf in noflike gemeente is én bliuwt.
De fraksjes hawwe dizze riedsperioade – faak tegearre mei oare partijen – in soad foarstellen (moasjes en amendeminten) yntsjinne. Dêrneist is der in soad tiid stutsen yn kontakt mei de ynwenners fan ús gemeente, sadat wy betiid ynsjoch krigen yn wat der libbet yn Ooststellingwerf. Mei twa wethâlders koene wy in protte plannen útfiere. Dêrmei kinne wy weromsjen op in moaie perioade dêr’t in protte yn berikt is. Binne jim nijsgjirrich wêr’t wy ús foar ynset hawwe? Hjirûnder in koarte gearfetting.
- Wenningbou – yn in protte doarpen binne plannen foar nije huzen ûntwikkele en fêststeld troch de ried. Der binne ek ferskate plannen yn tarieding. Dêrby is mear omtinken jûn oan griene ynpassing en spylplakken foar bern.
- Pestisiden – wy freegje hieltyd omtinken foar de soargen oer it brûken fan bestridingsmiddels. Troch ús ynset binne der op ferskate plakken spuitfrije sônes ynsteld. Wy hawwe it petear hjiryn de ried op gong brocht.
- Ynklusiviteit – wy hawwe ús kontinu ynset foar it foarkommen fan diskriminaasje en
útsluting fan minderheden, LHBTIQA+-minsken en minsken mei in beheining. - Klimaatdoel 2030 – troch ús ynset binne der plannen makke om yn 2030 as gemeente
CO₂-neutraal te wêzen. - Akkommodaasjebelied – wy hawwe alle doarpen besocht om te hearren wat der libbet,
en soargen foar belutsenens fan de ynwenners. It belied soarget foar foarsjennings yn elk
doarp, en it behâld fan sporthallen, doarpshuzen en swimbaden. - Participatiewet – wy fine dat elkenien nei mooglikheid meidwaan kin oan de maatskippij,
mei de minsklike mjitte foarop. - Swimlessen – op ús foarstel wurdt ûndersocht of de gemeente swimlessen oanbiede kin,
sadat it betelber bliuwt foar elkenien. - Klimaatadaptasjeplan – dit plan is fêststeld, sadat wy as gemeente better taret binne op
de skealike gefolgen fan klimaatferoaring